Iepenbiere en kristlike basisskoalle Aldegea ûnder ien dak

De bern fan de kristlike en de iepenbiere basisskoalle yn Aldegea (Smell.) sitte fan moandei ôf ûnder ien dak. Op it plak fan de kristlike skoalle De Grûnslach binne needlokalen pleatst, dêr't de 75 bern fan de iepenbiere De Great Haersmaskoalle tenei sitte. Yn de nije skoalle De Diamant is ek berne-opfang en in pjutteboartersplak.
Yn 2019 komt der nijbou dêr't beide skoallen ynkomme. Der is jierren praat oer gearwurking, dy't neffens direkteur Margriet Reatsch fan De Diamant wol needsaaklik is om noch langer kwaliteit biede te kinnen.