Teddy Witjes fan keeper nei fuotballer

07 sep 2016 - 07:11
  • Teddy Witjes

Fryslân hat mar leafst njoggen sporters, dy't nei de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro tagean. Eltse dei stelle wy ien fan dizze topsporters oan jo foar.

“Ik stotter wel wat hoor, ik hoop dat dat geen probleem is.” CP fuotballer Teddy Witjes seit yn it foar dat er hiel senuweftich is foar it ynterview. Mar by syn heit en mem thús yn De Knipe, dêr’t Teddy alle wiken trije dagen is foardat hy wer nei Papendal giet, falt dat tige mei. In kennismakking mei CP fuotbal, Teddy Witjes en de Paralympyske Spelen.

CP fuotbal

CP fuotbal is foar spilers dy’t as gefolch fan in harsenbeskeadiging in motoaryske beheining hawwe. In protte fuotballers hawwe by de berte in harsenferlamming hân of op lettere leeftyd in harsenblieding, harsenynfarkt of harsentumor krigen. “Ik zat vast bij de geboorte. Daardoor kreeg ik te weinig zuurstof en heb ik een hersenbeschading opgelopen,” seit Teddy.“ Afhankelijk van hoe ernstig je beschadiging is, wordt je ingedeeld in een categorie. C5 betekent dat je vrij ernstig gehandicapt bent, C8 is juist een milde vorm.” Teddy is in C7 spiler.

Earst keeper

It feit dat Teddy in C7 spiler is, hat grutte gefolgen foar him hân. Doe’t hy in pear jier ferlyn by Oranje kaam, wie dat nammentlik noch as keeper. “Klopt ja. Maar er waren nog meer goede keepers. Bovendien wilden ze iemand met C7 liever in het veld inzetten en niet op de goal. Dus nu sta ik in het veld. Maar nog wel veel in de verdediging.”

De regels foar it CP fuotbal binne yn grutte linen itselde as mei it gewoane fuotbal. In tal regels is mar oars. In team bestiet út sân spilers. It fjild sels is lytser, it mjit 75 by 55 meter, en ek it doel is lytser, 5 by 2 meter. Wedstriden besteane út twa helten fan in healoere, mei in kertier skoft tuskentroch. En, hiel opfallend: “We spelen zonder buitenspel”, laket Teddy. Om dêr oan ta heakjen: “Maar toch hebben we een grensrechter.”

Rio de Janeiro

Teddy hat net in hiel soad sjoen fan de Spelen yn Rio. Mar wat er seach, makke him wol grutsk: “Je ziet al die sporters daar in actie voor hun land. Dan denk ik wel eens, daar sta ik straks ook. Dat vind ik wel tof ja.”

Wat de kânsen binne fan it Nederlânsk CP fuotbalteam fynt er lestich yn te skatten: “We staan vierde op de wereldranglijst. Maar Oekraïne is echt wel heel goed. Die steken er wel bovenuit. En Brazilië zelf. Net als in het gewone voetbal zijn dat hele goede spelers, echte straatvoetballertjes.

In plak yn de heale finale is de doelstelling fan it team. En as je dêr ien kear stean, dan kin der fansels fan alles barre: “Het wordt lastig. Eerst maar in de halve finale komen. Maar een medaille zou heel mooi zijn.”

By de Paralympyske Spelen fan Rio de Janeiro komt it Nederlânsk CP fuotbalteam op 8 septimber foar de earste kear yn aksje. Freed 16 septimber stean dan de wedstriden om de medaljes op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)