UPDATE: Motorrider rekket ferwûne by botsing mei auto
In motorrider is moandeitemoarn ferwûne rekke by in botsing mei in auto. Dat barde op de Buorren yn Lippenhuzen.
It slachtoffer wie ferwûne, mar wol oansprekber. De traumahelikopter kaam ek te plak, mar de man is úteinlik mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.