Thialf en iisspeedway tekenje kontrakt foar trije jier

29 aug 2016 - 11:34
  • René Stellingwerf yn aksje

Thialf hat yn 2017 in primeur: foar it earst sille iisspeedwayers harren keunsten fertoane op de oerdekte iisbaan op It Hearrenfean. Nei 45 jier ferhûzet de iisspeedwaysport fan Assen nei Fryslân, om't de Drintske baan net mear foldocht oan de hjoeddeistige easken.

Foarsitter Theo Verdegem fan motorclub Assen is tige te sprekken oer it trijejierrich kontrakt dat ôfsletten is mei de direksje fan Thialf. Simon Reitsma, Frysk iisspeedwayer út De Westhoek, sjocht ûngeduldich foarút op syn earste rûntsjes op Thialf op 31 maart, 1 en 2 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)