VVD-keamerlid Anne-Wil Lucas ferlit nije wike Twadde Keamer

29 aug 2016 - 10:37

It Fryske VVD-keamerlid Anne-Wil Lucas ferlit nije wike woansdei de Twadde Keamer. Se hie al oanjûn dat se mei de ferkiezings kommend jier net op de list stean soe, mar ferlit de keamer no dus earder. Se giet oan de slach as programmabehearder by StartupDelta.

Dit inisjatyf fan de eardere Europeesk kommissaris Neelie Kroes moat Nederlân op de kaart sette as startup-lân. Prins Constantijn hat Kroes earder dit jier opfolge as ambassadeur hjirfoar. Anne-Wil Lucas hat sels yn 2013 StartupNL oprjochte, de foargonger fan StartupDelta.

Neffens Lucas is der op dit mêd noch in soad wurk te dwaan, bygelyks it tekoart oan digitale ûntwikkelers oplosse. It Amsterdamske riedslid Daniël van der Ree sil har opfolgje as keamerlid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)