Winkelmeiwurkers ûntdekke brân yn hoarekasaak Mouni

Yn hoarekasaak Mouni yn de Peperstrjitte yn Ljouwert hat moandeitemoarn koart brân west. Meiwurkers fan in winkel tsjinoer de hoarekasaak warskôgen de brânwacht.
Dy moast de glêzen doar ferniele om binnen te kommen, mar wist it fjoer dêrnei gau te blussen. De brân ûntstie nei alle gedachten yn in ûne yn de keuken. De saak rûn reek- en wetterskea op.