Masinisten fan Arriva lizze tiisdeitemoarn it wurk del

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Treinreizgers dy't fan Ljouwert nei Grins ride, moatte tiisdei rekken hâlde mei aksjes fan masinisten fan Arriva. Dy lizze fan tiisdeitemoarn betiid oant 9 oere moarns it wurk del op it sintraal stasjon yn Grins.
It fakbûn foar de masinisten VVMC hat de aksje oankundige fanwegen de cao-ûnderhannelings. Om't de partijen der net útkomme, hie it fakbûn in ultimatum steld. Mar ek der ha se gjin reaksje op krigen. Dêrom besykje se mei aksjes mear druk te setten.
Arriva is teloarsteld
Mocht Arriva op 'e nij net yngean op de easken fan it fakbûn, dan wreidzje de aksjes fierder út.
Arriva sels warskôget reizgers tusken Ljouwert en Grins dat de reis wolris wat langer duorje kin. De ferfierder is teloarsteld oer de aksjes. Earder binne sy wol ta in akkoart kaam oer in nije CAO mei FNV-streekvervoer en CNV Vakmensen.