Italiaanske bern krije tenei les yn Frysk damjen

29 aug 2016 - 09:38
  • It Italiaansk kampioenskip Frysk Damjen

Learlingen fan skoallen yn Italië krije meikoarten les yn it Frysk Damjen. De lessen binne in gefolch fan it Italiaanske kampioenskip Frysk damjen, dat dit wykein foar de earste kear plakfûn. Alessio Mecca út Doganella di Ninfa waard de winner fan dit toernoai.

Mecca is dêrmei de earste spiler dy’t him pleatst hat foar it wrâldkampioenskip FRYSK!, oftewol Frysk damjen. Dat wrâldkampioenskip sil spile wurde op 5 maart takom jier yn Frjentsjer.

Italiaanske grutmaster

De lessen foar de bern wurdt no taret. Damtopper Sergio Scarpetta set it kursusmateriaal oer fan it Ingelsk nei it Italiaans. De lessen sille ûnder oaren jûn wurde troch de Italiaanske grutmaster Faleo Paolo.

Doel fan de damlessen is om dit jier noch in team yn Ljouwert te krijen, ek as tarieding op Kulturele Haadstêd Ljouwert 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)