Kollum: "Wy binne ús boereferstân kwyt"

29 aug 2016 - 08:25
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Twa wike lyn wie ik yn pretpark Juliatoren mei in goeie freondinne en har beide berntsjes. Wylst we yn de rige foar de botsauto’s stiene fertelde ik har grutsk dat ik in nije baan ha. Ik ha ek nijs, sei se. Wy ferkeapje de buorkerij. Wat? Ik seach har fernuvere oan. Hoesa, wie myn earste reaksje. Har man is al jierren boer en boude twa jier lyn in prachtige nije stâl foar it jongfee. Se ha twa melkrobots, 90 kij en 50 hektare lân. En folle belangriker noch: it is in goed rinnend bedriuw. Tocht ik. Mar dat hie’k mis.

No ja, eins ha ik it net echt mis. It bedriuw rint ek goed. Mar de lege molkepriis makket dat der al twa jier buorke wurdt sûnder ek mar in sint oer te hâlden. Want wat fertsjinje mei in molkepriis fan 25 sint wylst de kostpriis 35 sint is, dat is net sa maklik. “Mijn man heeft een hele dure hobby”, sei se. Want dêr komt it dus eins op del. Tachtich oeren wyks wurkje, sûnder in sint te fertsjinjen.

Sjochst it al foar dy. Datst op in sollisitaasjepetear bist foar dyn dreambaan. Alles liket prachtich. It is it moaiste wurk fan de wrâld en it sollisitaasjepetear rint poerbêst. Do blykst de ideale en meast motivearre entûsjaste kandidaat. Dus do krigest de baan. En dan komt fansels de fraach der fragen. Wat fertsjinje ik eins? Eeeh… In lange stilte. En dan it antwurd. Neat.

Sorry? Neat? Foar tachtich oeren swier wurk, dei en nacht, alle dagen wer, sûnder fakânsje? En dan fertsjinje ik neat? Der is dochs gjin gek op de wrâld te finen dy’t dan syn hantekening ûnder it kontrakt set, soest tinke. Mar jawol hear, alle dagen wurkje der tûzenen boeren knetterhurd foar niks. Letterlik en figuerlik.

Wy binne ús sûne boereferstân kwyt rekke. It is toch net te begripen dat wy as konsuminten wegerje in earlike priis te beteljen foar in earlik produkt út eigen lân, wylst wy mei it grutste gemak ús beurs lûke foar lúkse saken út it bûtenlân. De wrâld is út balâns. Ik krij nammentlik like folle oan staasjejild as ik in lege literflesse ynleverje by de supermerk as in boer kriget foar in produsearjen fan folle liter sûne molke. 25 sint. Om te janken, sa tryst is it.

Der sit mar ien ding op om foar te kommen dat mear sûne boeren de nekke om draaid wurdt. De prizen moatte omheech. Ferline wike like der goed nijs te wêzen, want de priis soe omheech gean. Jubelstemming yn Nederlân, mar de boeren sels bleaune kalm. Hjoed sil blike oft de molkepriis echt omheech giet. Litte we it hoopje.

Mar foar myn freondinne en har man is it al te let. De knoop is trochhakt. Se hâlde der mei op. De buorkerij en de kij stean al te keap. Dit wykein sette se har hiele ferhaal op Facebook. It berjocht is yntusken al mear as 10.000 kear dield. Ut alle hoeken fan it lân komme der reaksjes en sterkte-berjochten.

Sels binne se noch drok dwaande om it beslút in plakje te jaan. De beide bern hiene mei dikke triennen yn de eagen en protestearren tsjin it plan. Mar doe’t beloofd waard dat der fiif kij mei gongen nei it nije hûs en ek it shoveltsje net ferkocht wurde soe, wie der in akkoart.

En sa wurdt dizze hurdwurkjende boerefamylje dan úteinlik twong om hobbyboer te wurden. Tsjin in hiel hege priis. Of yn dit gefal: in fierstente lege priis."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)