Kuierje troch Ljouwert mei gids yn Sineesk of Russysk

29 aug 2016 - 06:41

Ynkoarten kinne ek Sinezen en Russen Ljouwert ferkenne mei in gids. Mei it each op Kulturele Haadstêd yn 2018 hat it histoarysk sintrum Ljouwert (HCL) no ek in Sineeske en in Russyske gids foar de stêdskuiers.

De twa gidsen wurkje en studearje yn 'e stêd, wêrtroch dit mooglik wie. Direkteur Geart de Vries fan it HCL ferwachtet net dat it gelyk stoarm rinne sil by dizze tochten. Hy sjocht it mear as in soarte fan try-out.

Trefwurden: 
stedskuier Ljouwert gids
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)