Frysk kultureel jier feestlik iepene yn Ljouwert

28 aug 2016 - 20:44

De organisaasje fan it Uit Festival yn Ljouwert sjocht tefreden werom op it festival fan snein. Dat seit saaklik lieder Margret Havinga. It Uit Festival is tradisjoneel de iepening fan it Fryske kulturele jier. Fan 13.00 oere middeis oant 20.00 oere jûns wie der yn en om de Prinsetún hinne in fol programma mei teäter, literatuer, keunst, muzyk en berneaktiviteiten.

Havinga kin noch net sa folle sizze oer de publike belangstelling. It festivalterrein wie justjes grutter as oare jierren en minsken koene der fergees hinne.

City Jazz

Nij wie dit jier de gearwurking tusken it Uit Festival en City Jazz, mei in poadium by de Wissedwinger. Ferline jier stie City Jazz noch op it Gouverneursplein, mar troch fermindering fan subsydzje socht de organisaasje gearwurking mei it Uit Festival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)