UPDATE: Brân yn Boalsterter flat is ûnder kontrôle

28 aug 2016 - 19:37

De útslaande brân yn in flatgebou yn Boalsert is ûnder kontrôle, meldt de brânwacht. It fjoer ûntstie sneintejûn yn in appartemint op de fjirde ferdjipping fan in flat oan de Boudewijnstrjitte. It appartemint is folslein útbaarnd en de brânwachtkorpsen fan Boalsert en Wytmarsum binne noch dwaande mei neiblussen. Ek kontrolearje se de njonken lizzende apparteminten op skea.

De plysje meldt dat alle bewenners út it appartemint binne en dat der gjin ferwûnen binne. It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan de brân is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)