Grutte drokte by huldiging Sanne Wevers op It Hearrenfean

28 aug 2016 - 17:41
  • Sanne Wevers krijt de earepenning fan de gemeente Hearrenfean
  • De huldiging op It Fean
  • Drokte by de huldiging op de Oude Koemarkt op It Hearrenfean

De Fryske turners dy't yn Rio de Janeiro meidien hawwe oan de Olympyske Spelen, binne sneintemiddei huldige op de Oude Koemarkt op It Hearrenfean. Sanne en Lieke Wevers, Céline van Gerner, Epke Zondeland en harren trainers wiene hjirby oanwêzich, lykas in grut tal entûsjaste taskôgers.

Blikfanger wie Sanne Wevers, dy't goud wûn op de balke. In unike prestaasje, want Wevers is de earste Nederlânske turnster dy't in (gouden) medalje helle op de Spelen. Wevers krige by de huldiging de earepenning fan de gemeente Hearrenfean.

Net allinnich de turners waarden huldige, ek swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde mocht it poadium op foar har prestaasjes yn Rio. Steenbergen helle yn Rio lykwols gjin medalje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)