Partoer Marten Bergsma-en-dy wint yn Bitgum

28 aug 2016 - 17:22

It partoer mei Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar hat snein it haadklasse keatsen by de Van Aismadagen yn Bitgum wûn. Yn de finale wiene se mei 5-2 6-2 te sterk foar it partoer mei Peter van Zuiden, Erik Haitsma en Willem Heeringa.

Van Zuiden-en-dy hiene krekt foar de finale in tige swiere heale finale spile tsjin it partoer fan Jan Dirk de Groot en dat wie yn de finale te fernimmen. Se wiene gjin partij foar Bergsma-en-dy.

Hans Wassenaar hat mei de sneinswinst by de Van Aismadagen fan Bitgum opnij in klassiker wûn. Hy wûn, krekt as Renze Pieter Hiemstra, foarige moanne de PC ek al. Wassenaar waard nei ôfrin útroppen ta kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)