Gelykspul Snits Wyt Swart

28 aug 2016 - 16:51
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart hat sneintemiddei gelykspile tsjin Alverna út Wijchen. De sneinshaadklasse A wedstriid einige yn 1-1. De Friezen kamen yn de 34e minút op foarsprong troch in doelpunt fan Sean de Ruiter. De doelman fan Averna kaam yn botsing mei in teamgenoat, wêrnei't de bal fan De Ruiter it doel binnenrôle.

De twadde helte kende net in soad aksje, mar Snits Wyt Swart bleau de bettere ploech. Dochs kaam Alverna yn de 83e minút op 1-1 nei in doelpunt fan Ngola, wêrtroch't Snits Wyt Swart tsjin syn earste punteferlies oanrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)