VV Hearrenfean ferliest nei sterke einfaze

28 aug 2016 - 16:14

VV Hearrenfean hat snein de Sneinshaadklasse A thúswedstriid tsjin SJC út Noordwijk ferlern. It waard 3-2 foar SJC. De earste helte wie foar SJC, dat yn de 17e minút op foarsprong kaam en yn de 33e minút de 2-0 makke.

Yn it begjin fan de twadde helte like de 3-0 de genedeslach te wêzen, mar VV Hearrenfean makke it dochs noch spannend. Yn de 83e minút skoarde Bert Klapwijk de 3-1 en yn de 88e minút makke Jan Hylkema de 3-2. Dêr hâlde de sterke slotfaze lykwols op foar VV Hearrenfean en gie de wedstriid dochs noch ferlern.

De treffer fan Bert Klapwijk is it earste doelpunt foar VV Hearrenfean yn de Haadklasse. VV Hearrenfean promovearre ôfrûne seizoen foar it earst nei de Haadklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)