Jannick de Jong docht goede saken yn tredde WK-race

Jannick de Jong © Bert Swarts
Gersbaanracer Jannick de Jong fan De Gordyk hat goede saken dien yn de tredde finalerace fan it WK gersbaan. De regearjend wrâldkampioen wûn de wedstriid, dy't ferriden waard yn it Finske Forssa. It twadde plak wie foar Erik Riss út Dútslân en Mathieu Tresarrieu út Frankryk waard tredde. Theo Pijper fan Rinsumageast waard fiifde.
Erik Riss út Dútslân giet nei trije fan de fiif wedstriden oan de lieding yn it klassemint. Hy hat no noch in foarsprong fan acht punten op nûmer twa Jannick de Jong. Theo Pijper stiet fiifde.
De folgjende wedstriid is 3 septimber yn it Frânske Morizes. De lêste finalerace is op 17 septimber yn Vechta (Dútslân).