Duo oanhâlden foar mishanneling en gizeling yn Appelskea

28 aug 2016 - 13:22

De plysje hat sneontenacht twa ynwenners fan Appelskea oanhâlden op fertinking fan bedriging, mishanneling en gizeling. It giet om twa manlju fan 21 en 31 jier. It 20-jierrige slachtoffer waard bedrige en mishannele. Nei de mishanneling mocht er gean en warskôge er de plysje.

Nei ûndersyk koe de 31-jierrige fertochte as earste oanhâlden wurde. Letter dy nacht waard syn hantlanger oppakt. De beide manlju binne oerbrocht nei it buro en ynsletten. De plysje docht neier ûndersyk nei de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)