Studinten dogge ûndersyk nei wetterflearmûzen

28 aug 2016 - 13:10
  • Wetterflearmûzen yn de tsjerke fan Mitselwier

De grutste koloanje wetterflearmûzen fan Nederlân sit yn de doarpstsjerke fan Mitselwier. Dit jier binne der sels 270 flearmûzen teld. Yn totaal ha ûndersikers mar leafst twahûndert tsjerken ûndersocht. Eartiids wenne de wetterflearmûs benammen yn stikken bosk. Fanwegen de tanimmende beammekap, sykje de nachtbisten no faker tsjerken út as wenplak.

De studinten Merel Klaarmond en Daan Grobben fan de oplieding Diermanagement oan de Ljouwerter hegeskoalle Van Hall Larenstein ha ûndersocht hoe't de wetterflearmûzen oerlibje. Se ite benammen miggen en motten, sa docht bliken út har ûndersyk. De studinten hoopje dat minsken mear begryp krije oer de flearmûzen. In soad minsken binne der benaud foar, mar omdat de flearmûzen in soad miggen ite, hawwe wy dêr minder lêst fan, seit Daan Grobben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)