Gordykster slacht mei kapmes en wurdt oppakt

© ANP XTRA
Op De Gordyk is in 31-jierrige ynwenner fan dat doarp yn de nacht fan sneon op snein in oar te liif gien mei in kapmes. Nei in rûzje yn de Haadstrjitte sloech de man in omstanner mei it mes, en bedrige in oar dermei. De plysje koe de man oanhâlde.
It kapmes is yn beslach nommen. De man wurdt beskuldige fan bedriging, mishanneling en ferbean wapenbesit.