Balkster (14) oanhâlden foar brânstichting en mishanneling

28 aug 2016 - 11:51

Yn Balk is sneon in 14-jierrige jonge oanhâlden. Foarbygongers betrapen him doe't er by in papierkontener op it Westein in pear doazen yn de brân stuts. Hy naaide út, de minsken gongen efter him oan en warskôgen de brânwacht. Yn de Auke Stellingwerfstrjitte koene se de jonge tsjinhâlde. Hy besocht doe mei in mes twa minsken te stekken, mar dy slaggen der yn it mes ôf te pakken.

De plysje hat de jonge Balkster meinommen nei it buro. Hy wurdt fertocht fan brânstichting en poging ta swiere mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)