Plysje nimt agressive hûn yn beslach yn Burgum

28 aug 2016 - 10:58

Yn Burgum is freed in agressive hûn yn beslach nommen. It bist hie kâns sjoen yn in oare achtertún te kommen en foel dêr in oar, lytser, hûntsje oan. Dat rekke sa slim ferwûne dat it operearre wurde moast troch in bistedokter. De agressive hûn is it eigendom fan in 26-jierrige Burgumer. Nei ûndersyk fan de plysje die bliken dat it bist al faker oare hûnen oanfallen hat.

De bisteplysje en de lanlike ynspeksje bistebeskerming hawwe de hûn yn beslach nommen. Nei alle gedachten sil it bist in muilkorf krije. It is net bekend makke fan hokker ras de hûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)