Offisjeel kampioenskip Frysk damjen yn Italië

28 aug 2016 - 09:20

Snein wurdt der yn Italië Frysk damme. Yn de Italiaanske kuststêd Livorno wurdt foar it earst in offisjeel kampioenskip Frysk damjen hâlden. Organisator is de Italiaanske topdammer Michele Borghetti, dy't al ferskate kearen yn Frjentsjer meidien hat oan it kampioenskip Fryslân Iepen. De dielnimmers binne stik foar stik spilers fan 'e absolute top fan it Italiaanske damjen. Ferline jier wie it kampioenskip Frysk damjen yn Tsjechië.

Frysk damjen is histoarysk de orizjinele fariant foar it damjen op hûndert fjilden, dêr jilde wat oare regels by it slaan. It Frysk damjen is foar ynternasjonale dammers nijsgjirrich om't remise in útsûndering is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)