Fryske skoallen iepenje moandei wer de doarren

28 aug 2016 - 08:05

Moandei begjinne de skoallen yn Noard-Nederlân wer, en dat betsjut ek in nije kampanje fan Veilig Verkeer Nederland. Dy giet yn de gemeente Achtkarspelen fan start. Boargemaster Germ Gerbrandy sil by it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost it aksjeboerd ûntbleatsje. Yn de earste wiken fan it nije skoaljier barre der mear ûngelokken dêr't bern by belutsen binne.

As se foar it earst nei de middelbere skoalle fytse moatte, is de rûte foar harren noch ûnbekend. Boppedat moatte se meastal fierder fytse as nei de basisskoalle. Automobilisten wurdt frege der ekstra om te tinken. Veilig Verkeer Nederland freget apart omtinken foar de kwetsbere posysje fan fytsers op rotondes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)