Wedstriden earste ronde KNVB beker bekend

KNVB © ANP XTRA
De lotting foar de earste ronde om de KNVB beker is sneontejûn dien. SC Cambuur spilet yn de earste ronde om de beker in útwedstriid tsjin FC Rijnvogels. Harkemase Boys moat it yn de earste ronde opnimme tsjin Katwijk. Ek de Boys spylje in útwedstriid. SC Hearrenfean, dat sneontejûn mei 1-0 wûn fan PEC Zwolle, spilet thús tsjin De Graafschap.
Alle wedstriden yn de earste ronde wurde ôfwurke op 20, 21 of 22 septimber. Letter wurdt bekend op hokker fan dy trije data eltse klup spilet.