Joost van Aken: "Dit is een grote opluchting"

27 aug 2016 - 22:59
  • Joost van Aken

Ferdigener Joost van Aken is tige bliid én opluchte troch de winst fan SC Hearrenfean op PEC Zwolle. De Feansters wûnen thús mei 1-0. "Dit was een heel belangrijke overwinning. We hadden dit echt nodig", sa seit Van Aken.

Hearrenfean hie dit seizoen noch gjin wedstriid wûn en de winst tsjin Zwolle soarge dan ek foar ferromming by it team. Ek it thúspublyk tocht der sa oer, seach Van Aken: "Dit is een grote opluchting. Je ziet ook aan de supporters hoe blij ze ermee zijn. En dat zijn wij ook! Dit geeft echt een lekker gevoel."

"Met je hart spelen"

Trainer Jurgen Streppel seach syn ploech yn de earste helte dramatysk spyljen, mar krige it foar elkoar om de spilers yn de twadde helte goed fuotbalje te litten. Hy wie net tefreden oer it spul en hat dit yn it skoft dúdlik makke oan it alvetal. Hy woe mear ynset sjen en mear emoasje. 

Dy oanpak die fertuten. "Gelukkig zijn er in het voetbal emoties. Je ziet in de tweede helft dat als je wat meer met je hart speelt, we gewoon goed voetballen", sa seit Streppel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)