Earste winst fan it seizoen foar SC Hearrenfean

© AWfoto
SC Hearrenfean hat sneontejûn de earste oerwinning fan it seizoen behelle. Se wûnen thús mei 1-0 fan PEC Zwolle. Yn de earste helte foel der net in protte te genietsjen. Beide ploegen lieten net harren bêste spul sjen en oan de ein fan de earste helte stie de brilstân dan ek noch op it skoareboerd.
De twadde helte begûn in stik spannender. Yn de 49e minút knalde Hearrenfean-ynfaller Larsson de bal hurd tsjin de touwen: 1-0. Troch de foarsprong gie Hearrenfean folle better spyljen. PEC Zwolle kaam der net oan te pas. De 1-0 bleau de einstân.
Hearrenfean spile sneon foar it earst mei de namme fan de nije haadsponsor GroenLeven op it shirt.
Troch de winst stiet SC Hearrenfean no op fiif punten út fjouwer wedstriden.