Gouden Marit Bouwmeester huldige yn Warten

27 aug 2016 - 20:00
  • Marit Bouwmeester toant har gouden medalje
  • Marit Bouwmeester komt yn de jachthaven oan mei in boat

Under grutte belangstelling is sylster Marit Bouwmeester yn har wenplak Warten huldige foar it winnen fan in gouden medalje op de Olympyske Spelen. Bouwmeester wûn goud yn de Laser Radialklasse. Se is dêrmei de earste Nederlânske winner fan in Olympyske gouden medalje yn it silen sûnt Daan Kagchelland yn 1936.

De huldiging fûn plak by it jachthaventerrein fan Warten, neidat Bouwmeester earst in boattocht troch it doarp makke. Kloften minsken stiene lâns it wetter om har te lokwinskjen mei har prestaasje op de Spelen.

Bouwmeester is by de huldiging ek earelid wurden KWV Frisia yn Grou, de feriening dêr't se begûn is mei silen. Ek waard se earelid fan sylferiening De Kruiswaters yn Warten.

Nei ôfrin fan de huldiging waard der yn it doarp noch folop feest fierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)