Partoer Minnertsgea wint Van Aismadei yn Bitgum

27 aug 2016 - 19:22

Bûnswinner Minnertsgea is it kommende jier de hâlder fan de Johannes Hartman Wandelbal. It partoer mei Marten Bergsma, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra wûn de finale fan de Van Aismadei yn Bitgum fan Ljouwert. Foar Ljouwert keatsten Jouke Bosje, Herman Sprik en Hans Wassenaar. It waard 5-4 6-6 foar Minnertsgea. It tredde plak wie foar Sint-Anne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)