Bart Helmholt wint foar sânde kear it NK fierljeppen

Bart Helmholt is sneon foar de sânde kear Nederlânsk kampioen fierljeppen wurden. Yn Grypstsjerk wie de ljepper út Burgum de bêste mei in sprong fan 20.41 meter. Ek Nard Brandsma fan It Heidenskip kaam ta 20.41 meter, mar de twadde fierste sprong fan Helmholt wie better.
By de froulju gong de winst nei Dymphie van Rooijen mei in ôfstân fan 15.35 meter. Twad waard Marrit van der Wal fan It Heidenskip yn 15.24. Klaske Nauta fan Drylts, de kampioen fan 2015, ljepte nei it tredde plak yn 14.75.
Gjin Hollanners
De striid by de senioaren wie tige spannend, ûnder oaren trochdat Bart Helmholt en Nard Brandsma beiden in ôfstân fan 20.41 ljepten. Topfavoriten Oane Galama fan Wiuwert en Jaco de Groot út Woerden koenen harren favoriterol net wiermeitsje. Galama waard fjirde mei in sprong fan 19.68. De Groot, regearjend Nederlânsk kampioen, helle de finale net iens. Opfallend genôch sieten der by de manlju gjin Hollânske ljeppers yn de finale.
It tredde plak wie foar Thewis Hobma fan Harns, de nûmer twa fan 2015. Hy sprong nei 20.25. It fiifde finaleplak wie foar Sytse Bokma fan Hylpen. Hy ljepte 19.44. Bokma die dit jier foar it earst mei by de senioaren, nei't er foarich jier noch as tredde einige wie by de junioaren.
Junioaren
Yn dy kategoary wûn no de Hollanner Ricardo Faaij mei 18.72 meter. De iennige Fries yn de finale by de junioaren wie Freark Kramer fan It Heidenskip, dy't twad waard mei in sprong fan 18.28.
Jonges
Reinier Overbeek wie de bêste by de jonges. De nasjonaal rekôrhâlder by de jonges ljepte nei 17.95 meter. Hy wie dêrmei better as nûmer twa Jarich Wijnstra fan Tsjom (17.04) en nûmer trije Hessel Haanstra (16.69).
Famkes
Sigrid Bokma fan Hylpen pakte de nasjonale titel by de famkes mei in ôfstân fan 14.82 meter. Sy sprong krekt wat fierder as nûmer twa Fabienne Overbeek (14.80). Bente Vlas fan Heech waard tredde.