Socht: 'Douwe Egberts-famkes'

Argyffoto fan it DE-fabryk op De Jouwer
Museum Joure siket 'Douwe Egberts-famkes'. Jonge froulju dy't yn de jierren 50, 60 en 70 wurken by it Douwe Egberts fabryk op 'e Jouwer. Op 7 oktober wurdt der in reüny organisearre foar alle eardere DE-famkes.
Yn de jierren 50, 60 en 70 groeide it fabryk hurd troch de oanskaf fan nije ynpakmasines. De produksje fan tee, kofje en shag gong flink omheech. Foar it wurk oan de masines naam DE faak jonge froulju út de omkriten fan De Jouwer oan. Se waarden mei de bus ophelle.
Tentoanstelling
Der binne noch in protte ferhalen oer dy tiid, mar dy binne noch noait goed optekene, skriuwt it Museum Joure. Se hoopje fia dizze reüny Douwe Egberts-famkes te finen. It is ûnderdiel fan it projekt 'Nieuw! 200 jaar innovatie en vakmanschap'. Dêrby heart in tentoanstelling oer de hoe't it Jouster bedriuwslibben him yn de ôfrûne iuwen fernijd hat.