Fryske medaljewinners wurde dit wykein huldige

27 aug 2016 - 14:23

Der binne dit wykein huldigings fan de twa Fryske gouden medaljewinners. Sylster Marit Bouwmeester wurdt sneon huldige yn har bertedoarp Warten. Sy wûn op de Olympyske Spelen yn Rio in gouden medalje yn de Laser Radial klasse. It doarp is grutsk op har en oeral hingje de flaggen út. De huldiging is by de jachthaven fan it doarp, dêr't Marit om 19.00 oere sneontejûn oankomme sil. Nei de huldiging is der in feest mei live muzyk.

Sneintemiddei wurdt op it Hearrenfean turnster Sanne Wevers huldige, sy wûn yn Rio in gouden medalje foar har oefening op de balke. Ek de oare Olympyske sporters fan it Hearrenfean wurde tagelyk huldige. It feest sil wêze om 17.00 oere middeis op de Oude Koemarkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)