Advokateduo krijt Ankerplaats yn Limboarch

Yn it Limboarchske doarp Slenaken is sneontemiddei op in feestlike manier de fernijde Ankerplaats yn gebrûk nommen. It plein is ferneamd nei Wim en Hans Anker, de advokatetwilling út Akkrum. It duo giet al jierrenlang yn Slenaken mei fakânsje en heart sa stadichoan by de pleatslike befolking. De Ankerplaats leit tichteby it pleatslike kafee-restaurant. It wie in hiel âld parkearterrein mei in bytsje útstrieling. It wurdt in nij en oantreklik gebiet.
Slenaken leit yn de gemeente Gulpen-Wittem yn it suden fan Limboarch, ticht tsjin de Belgyske grins. It doarp hat 600 ynwenners. By it doarpsfeest wurdt fansels Gulpener Bier skonken.