Fiskers fiere aksje tsjin Europeesk fiskerijbelied

27 aug 2016 - 12:10

Ferskate fiskers, wêrûnder inkelde Friezen, fiere sneon yn Rotterdam aksje tsjin it fiskerijbelied fan de Europeeske Uny. De EU wol dat de lytse fisken yn bepaalde gebieten meinommen wurde troch de fiskers. Gewoanwei wurdt dizze byfangst troch de fiskers wer de see ynsmiten.

Neffens de foarsitter fan de fiskersorganisaasje giet de byfangst op dizze wize dea en ferdwynt der sa in generaasje oan fisk. Boppedat soene de fiskers gjin romte ha foar byfangst oan board, dizze saneamde oanlânplicht kostet de Nederlânske fiskers tusken de acht en tsjin miljoen euro per jier.

De fiskers biede de Twadde Keamer yn oktober noch in petysje oan. Dêrnei wurdt dizze ek noch oanbean yn Brussel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)