Fernijing fan it Valeriusplein yn Ljouwert

27 aug 2016 - 11:49

It Valeriusplein yn Ljouwert wurdt yn twa wykeinen fernijd, om de oerlêst foar de omwenners sa folle mooglik te beheinen. Dit wykein en it kommende wykein binne wurklju sneons en snein oan de slach. It giet benammen om it dellizzen fan asfalt en de ynrjochting fan it grien op it ferkearsplein. Automobilisten wurde omlaat oer oare rûten. Ferskate ferkearsregelers binne op de krúspunten aktyf. De fernijing fan it Valeriusplein leit yn it ferlingde fan de renovaasje fan de Valeriusstrjitte yn de stêd. Dy is sa goed as klear.

De gemeente Ljouwert hie omwenners fan it Valeriusplein en de Valeriusstrjitte sneontemoarn útnûge foar in mienskiplik bakje kofje by it plein. Ynkoarten wurdt ek begûn mei de fernijing fan it Europaplein. Dat wurk sil sa'n oardel jier yn beslach nimme, seit wethâlder Thea Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)