Eksposysje oer Ljouwerter studintelibben by it HCL

It Ljouwerter studintelibben hat in soad ferskillende kanten en dat woe it Historysk Sintrum Ljouwert wolris fêstlizze. It is in eksposysje wurden mei tritich foto's fan fotograaf Niels Westra. Dy is freed offisjeel iepene foar publyk. Op de foto's binne bygelyks studinten te sjen dy't in bierwedstryd hâlde, mar der binne ek foto's fan grutte tentamensealen of fan studinten yn 'e tsjerke.
Ljouwert is gjin studintestêd lykas Amsterdam of Rotterdam. In soad studinten wenje noch thús, dus sjocht it studintelibben der hiel oars út yn dizze stêd. Dat woe direkteur Geart de Vries foaral nei foaren komme litte.