Twatal mei ynbrekkersark oanhâlden op It Hearrenfean

27 aug 2016 - 10:02

De plysje op It Hearrenfean hat freedtenacht by it Kattebos twa manlju mei ynbrekkersark oanhâlden. It duo, in 19-jierrige man út Boskoop en in 20-jierrige ynwenner fan Gouda, wie ek yn it besit fan twa fytsen dy't nei alle gedachten stellen wienen. De plysje hie it fermoeden dat it twatal besocht hie yn te brekken by yn tankstasjon, dêr wie nammentlik in alarm ôfgien.

Doe't de plysje de manlju besochten oan te sprekken, naaiden se út. Al gau waard it twatal oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr binne se foar fierder ûndersyk ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)