Kontrôle op Burgumer Mar: hurdfarders op 'e bon slingere

27 aug 2016 - 09:23

De plysje hat freed op 'e Burgumer Mar ferskate kontrôles op it wetter útfierd. Ien fan de skippers fan in flugge motorboat hie gjin farbewiis. Ek makke de man gjin gebrûk fan de deademansknop en hie er syn ynventaris net op oarder. Hy krige fan de plysje in bekeuring foar it farren sûnder jildich farbewiis. 

Ek twa oare hurdfarders op 'e Burgumer Mar waarden freed troch de wetterplysje op 'e bon slingere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)