Utferkochte twadde dei fan strânfestival Glemmer Beach

27 aug 2016 - 07:45

In soad drokte freedtejûn op it strân by De Lemmer. Dêr wie de twadde dei fan it festival Glemmer Beach mei sa'n 8.000 besikers folslein útferkocht. Dit kaam ûnder oaren troch it moaie waar fan de ôfrûne dagen. Benammen it optreden fan Marco Borsato foel yn 'e smaak by de festivalgongers. Oare optredens kamen freedtejûn fan De Kast, Twarres en Liptease.

Sneon is de lêste dei fan Glemmer Beach, sneontejûn slute Miss Montreal en Di-rect it trije dagen duorjende strânfestival ôf.

 
 
 
 

Lemmer was geweldig

Een foto die is geplaatst door Marco Borsato (@borsato) op

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)