Michiel Hemmen: "Dit was ondermaats"

26 aug 2016 - 22:58
  • Michiel Hemmen

Cambuur-oanfaller Michiel Hemmen is net te sprekken oer it ferlies fan syn team tsjin Helmond Sport. Hy neamt de prestaasje 'ondermaats'. Opnij krijt Cambuur in tsjindoelpunt út in standertsituaasje. "Dat kun je pech noemen, maar het is al de zoveelste keer. Het is waarschijnlijk geen pech meer, we staan gewoon niet goed", seit in teloarstelde Hemmen.

Cambuur hie kontinu de bal, mar koe mar net gefaarlik wurde foar de goal fan Helmond Sport. Hemmen: "Wij waren vandaag gemakkelijk te verdedigen. Ik denk dat we te weinig diepgang hebben."

Yn de slotminuten hie Hemmen de 1-1 op syn slof, mar hy skeat de bal op de skonken fan de keeper. "Helaas voor mezelf, helaas voor de ploeg, helaas voor de club", sa seit Hemmen.

"Pissig"

Ek trainer Rob Maas hat syn nocht fan de tsjindoelpunten út standertsituaasjes. "Elke keer gebeurt het weer dat er gescoord wordt uit een standaardsituatie. Daar word je zo langzamerhand wel wat pissig om", seit Maas. "We zijn onze eigen vijand in standaardsituaties."

It leafste wol Maas sa gau mooglik dizze tsjinslach fuort poetse mei goed fuotbal. De folgjende wedstriid fan Cambuur lit lykwols noch efkes op him wachtsje. Pas oer twa wiken is de folgjende wedstriid, thús tsjin Almere City. "De twee weken rust geven ons de tijd om aandacht te schenken aan het verdedigen in standaardsituaties", sa beslút Maas.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)