"Stranger straffe fan eigener bitende hûn is sinleas"

26 aug 2016 - 20:12
  • Hûn

It hat gjin inkelde sin om eigeners fan hûnen dy't minsken bite stranger te straffen. Dat seit Peta Seinstra fan De Lemmer. Se is al mear as 15 jier eigener fan hûneskoalle Súdwest-Fryslân, en reagearret op it foarnimmen fan Twadde Keamerleden om eigeners stranger te straffen as de hûn agressyf wurdt. "Het heeft geen zin om strenger te straffen. Je moet voorkomen dat mensen een verkeerde hond kopen", sa seit Seinstra.

Bern

Alle dagen wurde der hûnderten minsken biten troch in hûn. Yn de measte gefallen rint dat goed ôf, mar sa no en dan giet it folslein mis. Benammen bern binne relatyf faak slachtoffer. Oardel wike lyn noch waard yn Snits in lyts famke yn it gesicht biten troch in Amerikaanske staffordshireterriër. Dy hûn soe yn it asyl bedarre wêze.

Oprop Keamer

Keamerleden roppe no op om eigeners stranger te straffen, al binne de partijen it der ûnderling net oer iens hoe't dat dan krekt moat.

Wêr giet it mis?

Seinstra riedt minsken oan in hûn te keapjen by in goede fokker. "Het gaat mis bij waar de honden worden gekocht. Er wordt niet bij een goede fokker gekocht." By in goede fokker is de mem fan de pup ek oanwêzich. Dêrtroch kin je wer mear te witten komme oer de eftergrûn fan de hûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)