Wurksumheden op de Wâldwei rjochting Ljouwert

Asfaltearringswurksumheden op de A31 by Garyp © Omrop Fryslân, Aise van Beets
It ferkear moat dit wykein op de Wâldwei rekken hâlde mei fertraging troch in omlieding. It giet om it stik dyk tusken Garyp en Hemriksein yn de rjochting fan Ljouwert. Dit stik wurdt asfaltearre en is dêrom ôfsletten foar al it ferkear.
It wurk set freedtejûn om 19:00 oere útein en duorret as alles goed giet oant moandeitemoarn 5:00 oere. It ferkear wurdt oanret om om te riden oer It Hearrenfean. Dizze rûte wurdt ek mei buorden oanjûn.