Winkelketen Welkoop wurdt net ferkocht

26 aug 2016 - 18:19

Winkelketen Welkoop wurdt net ferkocht, skriuwt it Financieel Dagblad. Eigener Agrifirm hat in healjier lang besocht in keaper te finen, mar hat de hoop no opjûn.

Welkoop hat 160 fêstigingen, fyftjin dêrfan sitte yn Fryslân. Agrifirm woe fan de winkelketen ôf, omdat it him talizze wol op syn haadaktiviteiten, lykas it produsearjen fan bistefretten.

Banken

Dat it net slagge is om Welkoop te ferkeapjen hat neffens de direksje benammen te krijen mei de banken. Dy doare gjin jild mear te stekken yn winkels, sjoen alle negative ûnderfiningen fan de lêste tiid yn dy brânsj.

Trefwurden: 
Welkoop Agrifirm
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)