Replikaskip Willem Barentsz sil skielk nei Nova Zembla

26 aug 2016 - 17:06
  • De replika fan it skip fan Willem Barentsz

De replika fan it skip fan Willem Barentsz, dat op dit stuit boud wurdt yn Harns, moat oer in pear jier echt nei Nova Zembla farre. Dat is it doel fan de inisjatyfnimmers fan it skip.

De bou fan it skip is oer goed twa jier klear en dan komt er earst yn it sintrum fan Harns te lizzen. Mar dêrnei wol de stifting besykje sa gau mooglik nei it eilân benoarden fan Ruslân te farren.

16e iuw

Dat is deselde reis dy't de echte Willem Barentsz yn de 16e iuw makke hat. Doe kaam er mei syn skip fêst te sitten yn it iis, mar neffens de inisjatyfnimmers is de kâns lyts dat dat no wer bart. Wannear't it skip echt dy kant út kin is noch net bekend.

Dizze wike kaam de lêste partij hout foar de bou oan en oer goed in jier moat it skip te wetter litten wurde. Oer twa jier moat er dan folslein klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)