Flater festivalpoadia troch sawol gemeente as Psy-Fi

It Psy-Fi festival fan 2015 © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De gemeente Ljouwert en de organisaasje fan it Psy-Fi-festival ha beide in flater makke by de fergunningoanfraach. Dat stiet yn in ferklearring dy't de organisaasje en de gemeente tegearre opsteld ha.
De poadia op it festivalterrein steane de ferkearde kant op rjochte, nei de doarpen yn buorgemeente Tytsjerksteradiel. Dat wie net de bedoeling.
De flater is ûntstien trochdat de organisaasje fan Psy-Fi allinne de plattegrûn foar it min-waar-senario by de fergunningoanfraach dien hie. Dêrop steane de poadia nei Tytsjerksteradiel rjochte.
Lûdsoerlêst
It oare kaartsje, mei de poadia in oare kant út, siet der net by en dat is amtners fan de gemeente net opfallen. De flater kaam te let oan it ljocht om der noch wat oan te dwaan. By foargeande edysjes kamen nochal wat klachten oer lûdsoerlêst, foaral út Tytsjerksteradiel.