Pornoporslein yn Keramykmuseum Princessehof

26 aug 2016 - 16:40

Erotyk en keramyk, dat binne net twa dingen dy't je direkt mei-inoar ferbine. By Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert tinke se dêr oars oer. Sneon iepenet de tentoanstelling Sexy Ceramics. Dêr rinne je lâns kopkes mei ôfbyldingen fan foarsichtige ferlieding nei pornografysk porslein en boetsearre dildo's.

Yn de tentoanstelling wurdt ta wurke nei in hichtepunt, de keramyske 'peepshow', dy't allininch tagonklik is foar 16-plussers.

Eksplisyt

Ordinêr wurdt it net neffens de gearstallers fan de tentoanstelling. "Je ziet expliciete scenes met vrijende paren en mannen in opgewonden toestand maar het zijn mooie werken", seit konservator Eline van den Berg. "Het is niet plat vermaak, het is iets om goed naar te kijken en plezier aan te beleven. Het hoort bij het leven."

Sensueel proses

Erotyk ferbine oan keramyk liket benammen in tûke kommersjele set. Mar de twa lizze neffens de konservator tichter bymekoar as je yn earste ynstânsje tinke. "Het vormen van klei is een heel sensueel proces", fertelt Van den Berg. "Je gaat met je handen door de natte klei en dat vorm je omhoog tot een vaas of ander object, dat proces zelf is al heel sensueel en erotisch."

De tentoanstelling is te sjen oant en mei july 2017.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)