Skjinmak gemeentehûs wol goed

De gemeente Tytsjerksteradiel is it folslein net iens mei de krityk fan fakbûn CNV op de wize wêrop it skjinmeitsjen fan it gemeentehûs organisearre wurdt. Dat wurdt no dien troch 9 minsken fan skjinmaakbedriuw Hago, mar giet fan oktober ôf oer nei minsken fan Caparis. Neffens it CNV is dat net sosjaal rjochting besteande skjinmakkers. Dy soene harren ôfdankt fiele.
De gemeente bestriidt dat en seit dat Tytsjerksteradiel folle mear dien hat as wat neffens de regels nedich is.
Trije minsken kinne bliuwe, omdat se meikinne nei Caparis, dat tenei it skjinmakwurk docht. Foar de oare seis wurdt dêr noch nei sjoen.