Van de Voort wol Braziliaanske publyksfavoryt ferslaan

31 aug 2016 - 07:09

Fryslân hat mar leafst njoggen sporters, dy't nei de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro tagean. Eltse dei stelle wy ien fan dizze topsporters oan jo foar.

“Het ongeluk was een keerpunt in mijn leven, als je het vertaalt naar zwemtaal.” Selsspot hat er wol, de 18-jierrige Olivier van de Voort út Elslo. It needlot sloech yn 2011 ta foar Olivier. Hy waard mear as trije kilometer meisleept troch syn hynder en moat sûnt dy tiid syn ûnderskonk misse.

Yn it begjin hie Olivier der muoite mei. Hy wie in talintfolle swimmer, waard al ris Frysk kampioen, mar it ûngelok sette syn libben op ‘e kop. Dochs pakte er de tried wer op en mei help fan in proteze kin er no in hiel soad dingen wer dwaan. Lykas swimmen op in heech nivo, al docht er dat wol sûnder proteze. Yntusken heart Olivier as 18-jierrige al by de wrâldtop fan it paralympyske swimmen.

Amersfoort

Hy wennet en traint sûnt koart yn Amersfoort, mei de rest fan de paralympyske swimploech. Dêrfoar wenne er syn hiele libben yn Elslo en trainde er yn it swimbad fan Drachten. De stap nei Amersfoort moast er wol sette, om’t de 18-jierrige swimmer dêr mear traine kin. Yn de tarieding op Rio is Olivier 24 oeren yn ‘e wike oan it trainen. Dat is nedich om op de Paralympyske Spelen goeie resultaten te heljen. Hy komt yn aksje op de 100 meter rêchslach, de 200 meter wikselslach en de 100 meter en 400 meter frije slach.

Medalje of net

De grutste kâns op in gouden medalje hat Olivier op de 100 meter rêchslach. Dat is syn spesjaliteit en op dy ôfstân waard er yn 2014, as 16-jierrige, Europeesk kampioen. Ferline jier wûn er op de 100 meter rêchslach sulver op it wrâldkampioenskip. It grutte doel is goud op de Paralympyske Spelen. It Olympyske motto ‘meedoen is belangrijker dan winnen’ giet net op foar Olivier: “Het is uniek dat ik mag meedoen, maar het gaat om wat je presteert. Je kan wel naar Rio gaan, maar het gaat om winnen.”

Dêrfoar moat Olivier wol ôfrekkenje mei Andre Brasil, syn grutste konkurrint. Dizze Braziliaanske swimmer is yn eigen lân fansels de favoryt fan it publyk, mar dat makket de Fryske kânshawwer neat út. “Ik mag hem in zijn eigen land verslaan. Dat is wel leuk!” Ek de 200 meter wikselslach soe foar Olivier noch in medalje opsmite kinne. Op de 100 meter en 400 meter frije slach wurdt dat dreger, ferwachtet er.

Olivier van de Voort komt op 10 septimber foar it earst yn aksje op de 100 meter rêchslach. In dei letter is de 200 meter wikselslach. Wer in dei letter swimt Olivier de 100 meter frije slach en op 15 septimber is de 400 meter frije slach. De searjes binne yn de Nederlânske tiid fan 14.30 oere ôf middeis, de finales steane fan 22.30 oere ôf op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)