Tytsjerksteradiel yn de race foar 'Sportgemeente fan 2016'

26 aug 2016 - 15:52

Tytsjerksteradiel is ek dit jier wer yn de race foar de titel fan bêste sportgemeente fan it jier 2016. Dy ferkiezing wurdt organisearre troch de Vereniging Sport en Gemeenten, sportkoepel NOC*NSF en de Vereniging Nederlandse Gemeenten.

De ferkiezing bestiet út twa ûnderdielen. De gemeenten moatte allegear in fragelist ynfolje dêr't se mei oanjaan kinne wat foar sportklimaat se ha. Dêrnjonken moatte se it sport-inisjatyf beskriuwe dêr't se it meast grutsk op binne.

Der dogge noch 22 oare gemeenten mei. Ein septimber wurdt dúdlik wa't wint. Tytsjerksteradiel hat al faker meidien, mar is noch nea yn de prizen fallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)