Rixt van der Horst wol favoriterol wiermeitsje

Fryslân hat mar leafst njoggen sporters, dy't nei de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro tagean. Eltse dei stelle wy ien fan dizze topsporters oan jo foar.
Rixt van der Horst hearsket yn de dressuersport. Se is Europeesk - en wrâldkampioen, wylst se noch mar 24 jier is. In medalje op de Paralympyskje Spelen yn Rio de Janerio, of sels goud, is absolút mooglik. “Dat ferwachtsje minsken wol fan my, ja.”
Hoe goed bist eins? “Ik bin best wol goed. Ja. Ik ha alles wûn wat ik winne kin en it iennige wat der noch oan ûntbrekt is in Olympyske medalje.” Rixt komt sa miskien wat eigenwiis of arrogant oer, mar dat is de Grouster absolút net. Suver wat senuwêftich komt se foar de kamera sitten. Mar dêrnei is se sear spraaksum. “Ik merk wol dat minsken om my hinne wat fan my ferwachtsje. Dat doch ik sels ek.”
Mei it team makket Rixt ek kâns op in medalje. En dat wylst se earst hielendal net meidwaan soe. Dêr baalde se earst flink fan. Troch lichaamlike problemen fan it hynder fan Estée Gerritsen is der besletten dat sy net ôfreizgje sil nei Rio en sa skoot Rixt in plakje op yn it team. Sy kin no dus ek meistride foar teammedaljes. Se rydt earst in yndividuele proef. Dy telt foar it yndividuele resultaat en foar it team. Dêrnei docht se noch in kür op muzyk. Dy oefening telt allinnich foar it yndividuele resultaat.
Rixt hat spastyske diplegy. Tegearre mei har twallingbroer Brend is se tsien wiken te betiid berne. Dêrtroch hat se lêst fan spasmen yn de fuotten en hannen. Boppedat binne har spieren stiif en strak. Dêrneist hat se in longemfyseem hân doe’t se trije wiken âld wie en dêr hat se astma oan oer hâlden. En se hat in seldsume nierôfwiking en scoliose, in kromming yn de rêch. En as of dat noch net genôch is, is der yn 2012 it Parry-Romberg syndroom ûntdekt by Rixt. Dit is in auto-ymmúnsykte, wat in iensiedige gesichtsôfwiking feroarsaket. It fet yn de rjochterhelte fan har gesicht ferdwynt. Hoe't dit syndroom him fierder ûntwikkelet is ûnwis. “Mar op it hynder fiel ik my krekt as alle oaren. Dêrom fyn ik dat sa moai. Ik fûn beesten leuk en doe’t ik jong wie gong ik nei in pleats yn Grou en mocht ik ride op in ponny. De doktors fûnen it goed. No fyn it it geweldich om in hynder fan 700 kilo ûnder kontrôle te krijen. It is net gefaarlik foar my. Mei in spesjaal krukje kom ik op it hynder en dan giet it goed. Ik ha der echt sin oan. De earste Spelen foar my.”
De Paralympics begjinne 7 septimber, Rixt van der Horst sil 13 septimber foar it earst ride.